Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Toer fan Nuenen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Vincent van Gogh*

Image

Hy seach, wat earder wie yn gloarje,
’t stompe noch fan Nuenens toer,
it beaken fan de jirpeliter en de boer,
hy koe har hillige histoarje.

Noch hearde hy de krieën krassen
’t rouliet nei in lijenswei,
dat op it hôf it kruseleger stimde mei,
in koar fan inkeld lege bassen.

It wie ien fan syn lêste doeken
doe’t er dat wer foar him seach,
it ripe nôtfjild wie ien grutte giele weach,
hy wist dat it ferline spoeke.

Hy hearde diskear raven krassen,
fielde ’t stompe fan syn lea,
it beaken wie der net en ’t paad troch ’t nôt rûn dea,
syn stoarje einige nei ’t lossen.

Image
Nôtfjild mei fleanende raven

* Vincent van Gogh (1853-1890)
skildere yn de begjinperioade
de ‘donkere’ realiteit fan Nuenen.
Yn de rin fan syn libben feroaren
styl en palet.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum