Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skier boppe kleuren

Keunst
PDF Print E-mail
fan Miskin*

Image

As skilder wied er net sa machtich
as syn baas, de grutmogol,
hy wie mar ien fan faaks wol tachtich,
skiere fûgel, mar mei kleuren gol.

By fabels makke hy de bylden,
altyd mei in baas moraal
dy’t dieren mei de minsken dielden,
elk wol yn syn eigen styl en taal.

De dieren liet er fleane, drave,
krûpe, swimme, sa’t dat giet
om ’t heechst te kommen, mar de raven,
skiere fûgel, song it rauwe liet:

‘Jim kleuren ha gjin skiere wearde
op in rots al like skier,
dy’t dêrom ’t bûnte libben kearde,
sjoch de skutkleur fan it heechste dier!’

* Miskin dy’t yn 1590 mei dekkende wetterferve
‘De raven sprekt de sammele dieren ta’ skildere,
wurke mei in protte kollega’s yn it atelier
fan grutmogol Akbar (1542-1605).

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum