Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ikoanwijing

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se rûn al nei de njoggentich,
in heks en ingel tagelyk
en troch de jierren in ikoan;
hoewol’t se rûn wat wif en bryk,
siet sy noch altyd op deselde troan.

Image

Se makke foar it wijen klear
it Wurd, it wetter en de kwast
foar Jezus Kristus, har ikoan;
se hie Him sjoen foar rút en kast
mei bleate holle sûnder strielekroan.

De wurden spriek se justjes bryk
fan ‘nei ús wurd fan lof en ear
wol seine jaan oan de ikoan’;
en Kristus seach: de lêste kear
miskien, dan sjongt se op in oare toan.

Image

admin

Deadewachters

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wa of wat it trochjûn hie,
gjinien sil soks fertelle kinne,
want mystearjes ha gjin taal
dy’t minsken helpe út ‘e rie
en sy ha gjin antenne
foar it grûnferhaal.

Image

Kreunend joech de beam de geast
en lei doe stram en stil derhinne,
ree foar ’t brekken fan de lea:
de tûken kreaken ’t alderearst,
úteinlik bleau allinne
’t stobbestik foar dea.

Om de stobbe briek de grûn
en sjoch hoe’t riisde dat mystearje
dêr’t gjinien fan koe de taal,
mar wol wat waard der swijend jûn,
it pears om him te earjen
foar syn rûsferhaal.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum