Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dizich read

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Readbrunich troch it sâlt
dat oan it izer fret,
mar ’t oanlisplak leit fêst
foar fûgels fan de wrâld.

Hjoed binne se der net:
it cruisefolk fynt de rêst
op see en ’t sinnedek,
want readbrún jildt as wet.

De miuwen binne ek
op ’t plak in fêste gast,
dat readbrún mingt mei wyt,
wat bylket net sa gek.

Mar wat alhiel net past
by ’t kleare skilderij:
de dize fan ús gea,
’t is Fryslân, dat wat wolst!

O gea fan nea ris rij
mei kleur fan stam oant krún,
mar sjoch de strânljip stean,
betink it read derby.

Image

admin

Swiere fracht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wetter jout syn rykdom net fergees,
it kostet swit en slacht mei kjeld,
smyt net it measte op,
is foar de ien in flop,
de oar besjocht it as in feest.

Image

Foar swarten wie de slavewente wyt
as sâlt, dat wûn waard út ‘e see
mei tsjinsin en sâlt swit,
oerdei wie ’t skroeiend hjit,
nachts dreamden se har frij fan flyt.

In tintsje yn de winter foar ien nacht
stie oan de igge fan de poel
foar him dy’t fisknocht hie
en dreamde dat it gie
om ’t fangen fan in swiere fracht.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum