Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Gaoatysk hichtepunt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sjoch hjir it wurk fan minskehannen,
geometrysk yn syn hiele hear en fear
en stap foar stap de hichte yn,
sa komt er foar ’t gefoel wol klear,
syn wurk yn allerhande stannen.

Syn hannen slacht er oan de seage
as it groeiend hichtepunt is net nei ’t sin,
hy koartet dan it houtwurk yn;
foar ’t nije libben gjin gewin,
de beam is fan syn woartels reage.

Sjoch hjir hoe’t kânsen wolris keare
mei de groei fan parasiten op ‘e stam
tsjin hannen oan de seage yn,
sa wint de gaos fan de swam
it fan it metryske mei eare.Image

admin

Opfieding

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It pronkjen sit net yn myn aard,
dat lit ik oer oan Paul, myn man,
dy’t mei syn sturt wat hat te bieden,
net dat it daliks dûnsjen waard,
dochs liet ik my op ’t lêst ferliede.

It wie yn maart dat ik befoel,
net alle trije tagelyk,
mar bern nei bern, it duorre dagen
foardat de lêste stie te kyk,
krekt Paul, sa rûn er nei de hage.

Image

As grutske mem gie ik foarop,
in foarbyld foar myn trije bern,
sa rint it om har op te fieden,
want Paul wie net foar ’t stek te sjen,
hy hie gjin sturtsje mear te bieden.

It is no hjerst en sjochris oan,
dêr rint er as in stoere heit,
myn mantsje Paul, men kin ’t wol riede:
hy pronket mei syn pubersoan
en sil him navenant opfiede.Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum