Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dyn moarn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Dreech is meastal it begjin
as dize noch ferburgen hâldt
wat yn de takomst kin.

Stadich riist it foar dy op
yn rôze wolken mannichfâld,
wat fiert dy nei de top.

Sulver blinkt tsjin donkerblau
en nimt dy yn syn streaming mei,
dêr fljochst, faaks noch te gau.

Efkes noch, dêr bist, dyn moarn,
brekst troch nei ’t midden fan de dei
mei al de strielekroan.

Image

admin

Fretbuffet

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De hiele simmer ha se wrotten
foar it deistich stikje fleis,
earst fleanend ûnderweis,
dan oeren stilstean foar it skot.

Se fongen mûzen, kikkerts, rotten,
soms in fiskje as dessert,
wie ’t hjir net, dan wol dêr,
want fleanend jachtsje wie har lot.

Image

Mar komt de hjerst, dan fleane reagers
nei ien plak, it fretbuffet,
want better is der net:
mar ien tel stilstean foar it skot.Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum