Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for november, 2018

admin

André Gide

Lyrysk Deiboek

fan Paul Albert Laurens*

Hoe soe in bern al delsjen kinne
op it byld fan heit of God
dy’t strang him yn de eagen sjocht?
De jonge ûndergiet syn lot
en moat mar oan de wetten wenne.

Hoe soe de jongfeint dan net trouwe
mei in nicht him goed bekend?
Dat lot lykwols docht him gjin rjocht,
hy rekket oan de bân net wend
en sil de keatting stikken houwe.

Hy hat him oan de wrâld sjen litten
as de homoseksueel
dy’t skriuwend foar syn rjochten focht,
de wrâld seach him as skean en skeel,
hat amper fan syn freonskip witten.

Hy hie begrutsjen mei de swakken,
seach de froulju foar fol oan,
waard troch de roomske god fertocht
fan ’t skriuwen op in falske toan…
dochs krige hy syn priis** te pakken.

* Paul Albert Laurens (1870-1934)
Portret fan André Gide

** Nobelpriis foar Literatuer yn 1947

admin

Tsjinstfaam Rodé fertelt

Bibelbylden

fan Hendrick ter Brugghen*

As tsjinstfaam rêd ik mei de doar,
fannacht dus ek, in frjemde tiid,
earst waard ik kjel,
want wa koe men ferwachtsje?
Ik die de doar yn ’t kier
en waard doe tige bliid,
want Petrus stie derfoar.

’k Liet Petrus earst op strjitte stean
en rôp: ‘Hy is derút, sit net
mear yn de sel!’
Gjinien woe dat earst leauwe.
‘In ingel,’ waard der sein,
‘dy komt sa let.’
As faam koe ik wol gean.

Dus liet ik Petrus rap deryn,
hy die doe fan syn nacht ferslach,
’t kaam hjir op del:
in ingel stie ynienen
by Petrus yn de sel
en sûnder slach
of stjit sei dy: ‘Ferdwyn!’

* Hendrick ter Brugghen (1588-1629)
Skilderij ‘De befrijing fan Petrus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum