november 22, 2018
fan Georgij Georgievitsj Rjazjskij*
In brief, jawis de brief
dy’t sy al lang ferwachte,
mar net komme woe;
sy seach it daliks oan de slúf,
it hânskrift wie bekend, wat stiif,
it waard har dochs te machtich.
Mem woe it earst net ha,
mar heit seach yn de fierte,
krekt as ’t komme soe
út Moskou wei, in fêst beslút;
úteinlik mocht se dêrnei ta,
it gie om mear te witten…
… as wrotters op it lân,
nee, ’t hat har noch net spiten
dat it oangean koe,
dochs seach se nei in skriuwen út,
’t gefoel dat kaam út mem har hân
en spriek fan harren krite.
* Georgij Georgievitsj Rjazjskij (1895-1952)
Skilderij ‘Brief’
november 21, 2018
fan ûnbekend*
As jonkje koe ik my net skamje,
wie doe mei Herodes maat,
hy woe de kening wêze, ik soldaat,
sa ha wy moannen boarte.
’t Kaam út, Herodes waard ek kening,
siet as hearsker op ’e troan,
sa giet it ienkear mei in keningssoan,
mei graasje troch de poarte.
Iksels bin troch in oare poarte
gien, dy fan it smelle paad,
wat lei no ienkear yn myn freedsum aard,
it paad dat Kristus wiisde.
Ik stean fersteld fan wat ik hearde,
want Herodes is net mear,
siet op ’e troan as wie hy himelsk Hear,
wêr’t kristenen fan grize.
As jonkje koe ik my net skamje,
mar ik skamje my no wol:
in kening yn in godlik hege rol
is hiel wat oars as boartsje.
* Munt ‘Herodes Agrippa I’