Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for november, 2018

admin

Artemisia de jiskedrinkster

Mytebylden

fan Rembrandt*

Op Mausolos hat sy dronken,
broer en letter ek har man,
dy’t boude oan syn residinsje
Halikarnassos, rike stêd;
Artemisia wie yn de ban
fan him, hat mear as leafde skonken.

Doe’t Mausolos joech de siken,
suchte se har lijen út:
wat hie sy nei syn dea te winskjen?
Halikarnassos, rike stêd,
wie gjin kompensaasje foar syn tút,
sy koe net fan syn jiske wike.

Drinke soe sy fan syn jiske,
mong dy troch har leafdesdrank
en preau de smaak fan har yntinsje:
as ienheid yn de rike stêd
troch te libjen… oan Mausolos tank
dat hy foar har syn trou net wiske.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Artemisia’
(ien fan twa mooglikheden)

 

admin

Oan it boarst

Keunst

fan Peter Paul Rubens*

Mei beide hannen op ’e rêch,
wa kin dan by de mûle?
Men is as minske net yn tel
as ’t bleate fel fluch slopper wurdt
de tiid troch yn de sel.

De âlde man hat op it each
it finster mei de traaljes,
al wachtsjend op wat wurdt syn lot:
it sêfte fel of ’t skerpe swurd,
de deastek of syn skat.

Mei lege hannen komt sy troch
de doar fan getten izer,
mei klopjend hert foar wa’t har seit
dat sy syn alderleafste is,
want ja, hy is har heit.

Sy lûkt har boarsten bleat en sjoch
hoe’t hy as berntsje sûget
om sa de honger te ferslaan;
it gluorkjen makket har ûnwis,
mar dochs, har plicht is jaan.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Cimon en Pero’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum