Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for december, 2017

admin

Op swart-wyt spoar

Lyrysk Deiboek

Tusken grien en brún,
noch libben en al dea,
rint swart-wyt troch it spoar…
wa wit nei watfoar gea.

Wit, it is gjin tún
dy’t yn de winter bloeit,
dêr is ’t seizoen net foar…
wa wit wat minsken boeit.

Boeien wize oan
de rûte dy’t men fart
op nei de finish ta,
net wittend wat der bart.

Bar is ’t yn de moarn,
mar boeiend is de tocht,
allinnich… of mei wa?
De jûn hat útkomst brocht.

admin

Gewoan dwaan

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2008

Snits, stêd fan poarte nei de mar
dêr’t wetter spat foar master op
om ’t skipsfolk wat te sizzen:
‘Wa’t ûnder giet, ferliest de kop,
mar boppe komt, wa’t bliuwt yn ’t far.’

Image

De dei begjint mei ’t giel en swart
dy’t klappe boppe yn de mêst
om ’t stedsfolk dit te sizzen:
‘Hjoed bine wy de wimpel fêst,
omdat de Panne bliksems fart.’

Image

De middeis knalt de lêste start
foar fjirtjin oan it firmamint,
de loft hat dit te sizzen:
‘Ik stjoer de wyn en wa’t it wint,
wit dat it troch myn wolken bart.’

Image

De earste rûte ken gjin kar
foar Snitsers tusken oaren yn,
it read hat dit te sizzen:
‘Protest, gjin wetter by de wyn,
it perspektyf is swart as tar.’

Image

It stedsfolk sjocht it grizend oan
en ’t jongfolk siket oars syn heil
en hat noch dit te sizzen:
‘De wetterpoarte yn it seil?
Net cool, wy dogge it gewoan.’

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum