Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for december, 2017

admin

Twivels fan Judas

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Wy wiene allegear ferstomme,
leauwe diene wy it net
wat Jezus fan ’e middei sei,
it hat my oan it tinken set:
it koe der, leau ik, wol fan komme.

It gie oer dea en wer ferrize,
ek oer gekoanstekkerij…
wat barde op ’e tredde dei,
dêr koene wy alhiel net by,
afijn, de takomst sil ’t wol wize.

Want mei it each op syn ferline
ha ’k myn twivels wolris hân,
ús master komt net altyd nei
wat hy fertelt, ’t leit foar de hân
dat oaren him de hannen bine.

* Ofbylding Missale Romanum:
‘Jezus kundiget syn lijen en stjerren oan’

admin

De Lemmer yn it ljocht

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2008

De Lemmer dêr’t de haven weage
fan de fiskers mei har aak,
dy’t harren fier de see op weagen,
frij, mar bûn ek oan har taak
mei fisk en frou en bern foar eagen.

Image
W.A. Visser (1811-1886)

Mar sjoch, De Lemmer yn it ljocht
fan wetter, spegeljend de sinne,
mei de sier fan skippen foar de nocht,
dy’t dobberen wa wit wêrhinne
bolle wyn it eale folkje brocht.

Image
P.I. Portier (1760)

De nije aak fan âlde tiden
leit yn ’t blinken fan de baai,
dêr’t fjirtjin skûtsjes twa kear stride,
net foar inkeld nocht, mar mei
wat Lemsters seagen yn it wide.

Image

Want sjoch, De Lemmer yn it ljocht
fan wetter, spuitsjend yn de fierte
om te kuoljen wa’t fûleindich focht
om him mei doe en no te mjitten,
dat is wat dit eale folkje brocht.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum