mei 18, 2025
fan ûnbekend*
Syn eachopslach wie rjochte
oer de eigen grinzen hinne:
Bûtenlânske Saken wie
mannich kear syn ministearje,
dêr’t men him de dea oandie.
De kommunisten rjochten
har op mei geweld te winnen
macht, dêr’t Stalin achter siet;
sa song Tsjecho-Slowakije
mei de Rus itselde liet.
Jan Masaryk liet rjochten
jilde oer de grinzen hinne,
likegoed foar west as east:
Tsjecho-Slowakije, steat dy’t
funksjonearret yn de geast…
… fan frede, mar gjin rjochter
kaam der oan te pas, want winne
mei geweld fan Masaryk
wie it doel fan kommunisten:
‘Ut it finster mei syn lyk!’
* Foto ‘Jan Masaryk’
mei 15, 2025
fan Gustave Courbet*
Sy leit net samar neaken,
heal ferburgen achter ’t kleed,
it is net om’t sy oars sa swit,
want hjit is ’t hjoed ek net…
sy spilet bleat foar beaken.
De pappegaai lit hearre
dat er hat har finger beet
en wyld wurdt fan har bleate hûd:
‘Ik ha fan dy ferlet!’
Hy spriedt syn bûnte fearren.
Sa leit sy foar him iepen,
stive fearren by de fleet
foar ’t streekjen fan har glêde hûd:
‘Ik ha fan dy ferlet,
net om al fêst te sliepen.’
* Gustave Courbet (1819-1877)
Skilderij ‘De frou en de pappegaai’