Willem Tjerkstra’s thússide
admin

In memoriam

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De lêste snein fan ’t tsjerklik jier
ryd ik nei Itens om te tinken
oan har dy’t wei en fleanend fier
fuort binne, lykas stjerren blinke,
de spegels fan ús skrinend byld
dat wy noch skerp foar eagen krije,
yn Itens wurdt de stilte dield
en dêryn sil syn namme klinke,
in Douwe Tamminga, besield
fan libben wurd, as heit en dichter
besong er syn ferstoarne soan,
it In memoriam, in lijen
dat galme mei de tsjerkeklok,
dy’t foar syn mem en heit in sein,
in moanrop wurde soe fan syn ferstjerren…
it klokkelûd sil oer de buorren liede,
in roulet al den dei om dit ferlies…
yn Itens wie de stilte hjoed te hearren,
it jier foarby, de lêste snein…

Image

… slaan ik de wei yn fan Tsjalhuzum,
beton yn blokken, oan de ein
de klokketoer en boerehuzing,
fan naald oant skuorredoar tenein,
ferbyldzjend wat sa stadich sakket,
úteinlik weiwurdt yn de grûn
allyk de minske, sûnder oantins
as inkeld noch de stien, ferbûn
mei namme, bertedei en deagrins
en dêr, ik sjoch de trije nammen
fan beide âlden en har soan,
gjin tweintich wurden, net ûntflamme
noch ta in libben oant de jûn,
mar hark hoe’t mei it klokkegalmjen
de dichter hat it einliet fûn:
mei dan dat mylde ús liede en ús te stea
stean op ‘e reis oant foar de lêste poarte
en mei dat libben, no’t wy fierder moatte,
mear wêze as idel wachtsjen op ‘e dea.

Image

admin

It Spoardok

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is de minske dy’t it spoar
begjint en fierder troch de tiden lûkt,
de spoardyk heget út ‘e lichte wei
mei grûn, dy’t achterlit it djippe dok,
de jierren troch as swimbad brûkt,
dêr’t mannich wetterrôt yn baaiersklean
yn ’t djippe dûkt en flechtich spoaren lûkt
op ’t plak fan rottemiich, in fize flok
foar sûnens, mar gjinien bliuwt stean
by hoe’t it spoar fan weil de lea troch lûkt
en mei it libben fan in minske gokt,
net earder as de dea de stêd berikt,
de dea dy’t ek it swimbad stjerre lit,
mar sjoch, it libben grypt in nije kâns
mei groeisum sie, dat yn de hichte sjit
en as natuer har maklik skikt
nei alle tiden fan it jier en ek
it lykwicht fynt mei oan de kant
de lege wenten fan de man en frou,
dy’t steane mei dat plak testek
en ha in iepen hert foar beam en plant,
mar dochs, it is de oare mei syn spoar
fan asfaltplein en hege wenningbou,
dy’t útriist boppe lege buert en dok
en opropt wurd en aksje fan protest
yn ’t demokratysk sintrum fan de macht,
dat weaget ôf mei hjir in brok
en dêr in part, mar foar de rest
gjin spoar fan fisy op ‘e harmony
fan minskewrâld en plantepracht,
it is de minske dy’t sa fierder gokt
mei ’t spoar fan heechmoed troch de tiid,
foar noch in skoft syn macht misbrûkt,
dy’t skynber hearsket yn de striid,
mar winner wurdt úteinlik it Spoardok.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum