september 23, 2016
As lân troch wetter is omseame en drinkt him fol foar groei en bloei, dan sil men dat it Ielân neame, gebiet om krêften op te dwaan, oase dêr’t de boarnen streame. As krêften hieltyd minder wurde, It hoefblêd oan de wetterrâne, |
september 23, 2016
Troch woartels fêstlein yn de grûn stiet jierren al de beam by ’t spoar as wachter op ‘e trein fan moarns betiid oant yn de lette jûn, allinnich yn beweging brocht as ’t waait en blêden mei elkoar besykje út te rûzjen sljocht en rjocht noch boppe ’t izerkoar fan ratteltsjillen op ‘e rails en ’t rinkeljen by ’t reade ljocht, dat mannich kearen op in dei syn kleur by ’t read fan bomen docht yn konkurrinsje mei de beam, dy’t yn de hjerst syn blêden fraai ferkleurje lit, al jierren dreamt fan stoarmige beweging mei it read fan blêden tagelyk, yn konkurrinsje mei de boom, ’t dilemma fan de beam gelyk oan hjerstige natuer foaroer de keale boom as autonoom. |