Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn de bedelte

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Ludovico Cigoli*

Op ’t woestynpaad yn de ûnderklean,
sa rûn syn wei nei de bedelte ta,
it suderlân Egypte yn,
dêr moast syn stamheit brea fan ha,
as hongerslaaf wie dat syn lean.

Joazef gie as slaaf itselde paad,
de delwei achter de kamielesturt,
it heitebrea wie lang ferlyn,
wat hie it libben noch foar nut
nei mantelleafde, bruorrehaat?

’t Deistich brea waard him troch frjemden jûn,
mar Potifar, syn hear, wie net sa min,
lei om syn skouders ’t reade kleed,
hy murk it wie de frou nei ’t sin,
dy’t Joazef oan ’t betsjinjen bûn.

Hy fernaam har tsjinsten op ‘e hûd,
foar him gie ’t rap nei de bedelte ta
mei ’t priuwen fan har brea, pak beet,
sy skuorde, woe him neaken ha,
hy fielde inkeld noch har foet.

Image

* Ludovico Cigoli (1559-1613)
Skilderij ‘Joazef flechtet foar de frou fan Potifar’

admin

De bloedmantel

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Lambert Jacobsz.*

De âldste wie net by de hannel,
hong ferstive oer de lege put,
wat hie it libben noch foar nut,
wêr wie syn broer en wêr de mantel?

Hy, Ruben, moast der wol mei komme,
oan syn âlde heit de tiding dwaan,
it soe him út it lykwicht slaan,
hoe wie syn broer te pakken nommen?

Syn broers ha ’t Ruben witte litten:
hannel doe en hannel mei de heit,
’t wie fantasy, mar ek in feit,
de mantel soe ’t ferskil wol witte.

Troch bloed ha sy de mantel helle
neffens harren byld fan ’t wylde bist,
it hie dochs kinnen dizze list?
De âldste soe it heit fertelle.

It kaam de âlde op it searste
plak, syn hert foar Joazef rekke stil,
de soannen wiene goed fan wil,
lykwols de heit liet him net treaste.

Image

* Lambert Jacobsz. (1598-1636)
Skilderij ‘Jakob werkent de bluodrige mantel fan Joazef’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum