september 23, 2016
By gelegenheid fan in lêzing oer kristologyen by de Itenser Rûnte op 3 novimber 2005 Mattéüs, Markus, Lukas en Jehannes, nominearre as auteurs fan har roman oer Jezus Kristus, man ris west, fertocht as terrorist, dy’t libbe yn beset gebiet, mar sûnder wapens en mei platte beurs sa fan it iene yn it oare wûnder oant der oer him waard beslist: de dea fanwege terrorist en sûnder. Mattéüs, Markus, Lukas en Jehannes, Mattéüs, Markus, Lukas en Jehannes, |
september 23, 2016
It wie noch middenyn de simmer mei trije beammen yn ien streek, dy’t strieden op it mêd fan klimmer mei aspiraasjes himelheech, mar doe’t de sinne dagen skroeide en ’t wifkjend wetter hie it dreech om tusken grûn en loft te kiezen, doe bleau it foar ’t gemak mar leech, wat ’t minder makke foar de striders: de fierste die it heal om heal, de leechste hie neat te ferliezen, wer fruchtber waard foar dei en dau |