Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Religieus Langwar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1968

Langwar mei wetter as in boemerang,
in foarm dy’t dreech is foar in skûtsjerûte,
amper djipte foar it steunend swurd,
gjin skipper is foar syn bedriging bang,
hy stekt in reef en brûkt gjin loete,
giet de striid oan dy’t hjoed hurd en woedzjend wurdt.

Image

De swan, de grutste fûgel fan de float,
foar hiel Langwar de favorite skûte,
hat as passazjier de man fan ’t Wurd,
gjin lûde knoop sil klinke hjoed oan board,
wa’t sunich flokt, docht biddend boete,
sûnder sûnde fljocht de swan brún wjukjend hurd.

De start is fleanend, foar de swan net bêst,
fan boppen hat de seine noch net groete,
mar dy komt yn stilte nei it rak
fan wierheid: fjirde om de boei foar fêst
ûnthjit nei foaren, lit de moeting
komme mei it amen foar it earste plak!

Image

It folk, religieus yn skûtsjekar,
stiet eagjend nei de striid op wâl en planke,
sjocht ferslein nei ’t offer fan de swan
dy’t slachte wurdt op weagen fan syn mar.
Hoe kin Langwar de himel tanke
foar gjin plak mei op it skip de tsjerkeman?

admin

Do en falk

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1968

Terherne, op ‘e twadde dei
doe’t út ‘e stilte wei de wyn
de geast joech oan de skippers,
harkjend nei wat achter lei,
’t ferline hong der wer ris yn.

Image

It bealgjen siet har yn it bloed
dy’t spieren fiede mei de krêft
fan withoefaak de skoaten
skuorre troch it blok, gjin noed
oer blierren, hannen oan it hêft.

Image

Wat soe de wite do, It Fean,
mei ’t sierlik wjukjen yn ’t geweld
fan ’t fleanend starten, fierder
brûzjend tusken rjocht en skean,
it is de flugge flecht dy’t telt.

Image

De brune rôver kaam him nei
op wjukken lykas fan in falk,
de snaffel fier nei foaren,
mar de do gie skerp syn wei
en fleach troch winners wolk.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum