Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mot en miuw

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1970

Wat is in mot ferlike mei in miuw,
in boatsje fan goed trije meter
nêst in skûtsje fan goed tweintich?
Beide ha deselde driuw:
fluch fleane om te winnen.

De lytse moth wie ynternasjonaal,
in flecht fan hûndert nei de sinne
oan de Fryske himel op ‘e
Fluezen yn deselde taal:
de striid sa fluch se kinne.

De rêstdei middenyn it wrâldgefjocht
om mottekampioen te wurden,
waard de dei fan fjirtjin miuwen,
doe’t Wâldsein de hichte socht,
gjin miuw of mot koe hurder.

De moth mei wêze ynternasjonaal
en kampioen fan hiel de ierde,
’t skûtsje sil it fierwei winne
– yn syn wêzen provinsjaal –
’t lavearret troch de tiden.

Image

admin

Snits 25 jier

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1970

Image

Twa Snitsers ha it roer yn hannen nommen
yn de simmer fan it lêste oarlochsjier:
der moast in skûtsjesylkommisje komme,
wat de Führer woe, dat skeelde har gjin sier.

De earste wedstriid wie op ’t frije wetter,
dêr’t de Tjerkstra’s sylden nei de earst priis,
de skippers dielden harren bút wat better
as de Dútsers, fan ynklauwerich nei wiis.

De Snitsers ha de striid fel blinke litten
mei in skip fan sulver dat yn spanning brocht,
de Van der Meulens lieten oaren switte,
wûnen ’t sulver, trije kear is skippersrjocht.

De jierren fyftich wiene foar de bolle,
’t skûtsje dat de eare heechhold fan de stêd,
mar ’t Grinzer bist die op ‘en doer net folle,
’t waard doe slachte, want de Snitsers wiene ’t sêd.

De Piipster kaam, as merje slank fan siden,
dy’t gjin koers hold, sloech de earste kear al om,
mar troch de jierren hinne, fûl fan striden,
garre sy foar Snits as kampioensskip rom.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum