Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Soan mei keardelslea

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Rogier van der Weyden*

Image

Hy wie de stichter fan it gouden flues,
Filips de Goede, hartoch fan Bourgondië,
’t gebiet dat hieltyd grutter waard,
wat hiel wat oer it stribjen seit
en oer de grinzen op ‘e kaart,
mar wie de hartoch ek in goede heit?

Wa’t nei ekspânsje stribbet, bliuwt net thús,
ek net de goede hartoch fan Bourgondië,
behalve foar in pracht portret,
fan earst de hartoch, dan de soan,
dy’t harkje moat nei heit syn wet:
in moaie jonge, sêft fan aard en toan.

Image

In homo waard oan heit syn hôf wol sein,
mar Karel, kommend hartoch fan Bourgondië,
hie gjin ferlet fan frouljuspraat,
hy spile gauris op ‘e poat
en sette heit yn ’t eigen skaad,
wat útrûn op heech spul, sawat in moard.

Wa’t nei ekspânsje stribbet, wurdt ferslein
of slacht sels ta, de hartoch fan Bourgondië
sloech fjouwertûzen manlju dea,
lei sa op ’t noarden ek de hân,
dat Karel hie wol keardelslea
mei as gefolch ’t begjin fan Nederlân.

* Rogier van der Weyden (1399/1400-1464)
Skilderij ‘Portret fan Filips de Goede’
Skilderij ‘Portret fan Karel de Stoute’

admin

Fjoerproef-rjocht

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Dirk Bouts*

It wie in saak fan hollen,
mear gefoel as sûn ferstân,
it hie te krijen mei de houliksbân:
de leafde, hjir te min en dêr tefolle.

It wie de keizerinne
dy’t it mei de greef oanlei,
de bêste man keas foar de eigen wei:
de leafde foar syn frou, mear as freondinne.

Image

Doe woe de keizerinne
ha, de greef kaam har tenei,
it waard de bêste man syn lêste dei,
de romp koe sûnder holle net mear rinne.

Sa kaam de greef syn holle
op ‘e hannen fan syn frou,
dy’t mong syn ûnskuld mei har eigen rou
en rop om rjocht, want neat wie har tefolle.

De keizer seach har kommen
mei de holle yn de hân,
de fjoerproef holp de frouwe út ‘e brân,
de lûden oer de greef syn skuld ferstommen.

It wie de keizerinne
dy’t fernaam it gleone fjoer
oer hiel de lea, der bleau gjin leafde oer,
dochs bleauwen der twa oer, mar wol allinne.

Image

* Dirk Bouts (sirka 1410/1420-1475)
Skilderij ‘De rjochtfeardigens fan keizer Otto’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum