Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Libbene rûntes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De rûnte stribbet nei de hichte,
’t âlde libben, alle jierren nij,
is allinnich wat ferplichte
oan de syklus fan de tiid.

Image

De minsken struie yn de lichte
ierdske foarmen yn it rûn,
de kleuren skreauwe om gesichten,
mar se reitsje út ‘e tiid.

Image

Sjedêr hoe’t rint it rûne, lichte
libben oan it minsklike foarby,
noch bûn oan ierdske swiergewichten,
lykwols fleanend mei de tiid.

Image

admin

De markol

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Fêst tusken wat de minske makke,
leit de basis foar har ideaal,
fêst sit se, waarmjend wat se makke,
oan wat útkomt as in jong ferhaal.

Gjin minske bringt har fan de wize,
stille skoften, mar wol muzikaal
de melody dy’t stadich rize
sil, de klimaks op ferlytse skaal.

It brekken tilt har fan de basis,
waarmjend har oan ’t jonge ideaal,
it libben swimt troch folle fazes,
lege doppen sprekke ek dy taal.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum