Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kring fan in start

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1978

Image

In let begjin jout soms panyk,
dan moat men nei de start ta kloetsje
mei it seil noch op ‘e gyk,
mar troch in sleepke fan de amfiby
ferslavet Sipke* oan de sigaret,
mar hoecht er net te boetsjen.

Image

De lytse startboei skriuwt de wet
foar om sportyf en skerp te silen
en net rom en justjes let,
mar Tjitte** fan It Fean kringt him deryn,
in start om foar it alderheechst te gean,
dêr sylt er foar de file.

Image

It driuwket kalm, noch fier te gean
en slepend stadich sylt De Jouwer…
der komt wyn, de float teart skean,
twa skippers ha it reade doek deryn,
want starten liedt faak ta in min begjin,
It Fean falt fan plak fjouwer.

Image

* Sipke Tjerkstra
** Tjitte Brouwer

admin

Piele by Wâldsein

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1978

Image

Oan de ein fan ’t wâld stiet faak gjin wyn
en hingje blêden as ferlamme,
stam en tûken hâlde rêst,
mar skippers ha de smoar dan yn,
want skûtsjes kleve as magneten fêst,
it moat op silen ta, ferjamme!

Image

Twirkeheinend driuwt it by Wâldsein
foar Snitser Jan* en Feanster Tjitte**
om de prizen board oan board,
mar alles is noch lang net sein:
want wylst foar Tjitte ’t lêste suchtsje smoart,
sil Jan nei de fiktoarje sjitte.

Image

Wêrom driuwkje as it flugger kin?
Op klompen is soks oan te fielen:
motor oan, omheech de gyk
en rêstich om dy hinne sjen,
sjedêr ek noch in farrend flot publyk,
dan is ’t mei ’t skûtsjesilen pielen.

Image

* Jan van Akker
** Tjitte Brouwer

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum