Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Untdopje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Mei rasjonele rêst omsletten
as lytse poppe achter glês
begûn it libben yn de dop,
mar noch gjin wjuk om by te setten,
dochs wol in snaffel oan de kop
om by te kommen yn it gers.

Image

Der wie gjin sprake fan ferjitten,
mar wol de driuw fan de natoer:
’t embryo-priuwen fierderop
om inkeld leechte oer te litten;
de fretter wit fan soer noch doer,
sa stoar it libben yn de dop.

Image

De rede hat ek neat te sizzen
as ’t jonge libben ienkear swimt
en memmekwêkjen lûkt it spoar
om frettend grinzen te ferlizzen
dat elk syn part fan ’t libben nimt,
want dêr ûntdopje fûgels foar.

Image

admin

Maskotte fan Oranje

Lyrysk Deiboek
Maskotte fan Oranje PDF Print E-mail
Image

Syn damesfyts, twa spegels
foar achterút, oranje sierd
fanwege wat de wrâld him biedt
oan ’t frije spul en regels,
stie tsjin de leagenbank parkeard
dêr’t hy de ballen fantaseart
yn goals fan oare kleuren
as syn oranje liuwekroan,
syn dream op keninklike toan,
gjin stammerjen en seuren
fan sleur en soer de dagen troch,
mar wize en dan roppe: ‘Sjoch,
maskotte fan Oranje!’
Oant er útfalt, nei de flank,
syn plak op ‘e reservebank,
de wrotter mei wat franje.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum