Willem Tjerkstra’s thússide
admin

By heech wetter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoe heech kin ’t wetter rize
foar’t de minske ûnderstrûpt?
De beam sil ’t paad him wize
dat troch ’t libben krûpt.

Image

De dei, noch slûch fan ’t sliepen,
komt mei twivel foar it ljocht;
yn eagen, amper iepen,
kringt it skean en rjocht.

Wat skean is, is it lijen
troch it hege wetterpeil;
de beam kin net bedije,
stiet dêr sûnder heil.

Image

Mar rjocht stekt er nei boppen
tûkekrún as optimist
om hegerop te roppen:
‘Lit no sjen waast bist!

Do krijst hjoed wiete fuotten
op it smelle puozzepaad,
mar moatst nei boppen wrotte,
rom wurdt dan dyn aard.’

Image

admin

Streamend goud

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Doe’t goud it godsfolk koartsich makke,
smachtend fan de dollartoarst,
ferfoel it yn de striid om ’t foarst
en is it troch de knibbels sakke.

It bidden wie in gysten graven
nei de djipte fan de skat,
de seine kaam fan swarte raven,
hebsucht hiet har gouden god.

Image

Hjoed hjit it godsfolk hege hearen,
spesjalisten fan de macht
dy’t boarje litte dei en nacht
nei wijreek, harren god ta eare.

Se litte yn de ierde grave
gongen foar konstante stream,
dat elkenien him dêroan lavet,
wier wurdt sa har gouden dream.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum