Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Genôch op foarspraak

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Elia teach nei ’t bûtenlân
op foarspraak fan de Iene,
leech de mage, ek de hân…
soe de Iene dat wol miene?

In widdo wie drok yn de wear,
sy socht foar ’t fjoer de prikken
foar it lêste miel, net mear…
fierder soe har soarch net rikke.

Elia frege wetter, mar
op foarspraak fan de Iene
ek noch iten, ’t wie te bar…
soe dy keardel dat wier miene?

De widdo wie der glêd mei oan,
Elia spriek doe wurden
fan genôch, ek foar har soan…
sa is de foarspraak wierheid wurden.

Image

* Achttjinde-ieuske Bulgaarske ikoan
Ofbylding ‘Elia en de widdo fan Sarefat’

admin

Brea út ‘e hichte

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Giovanni Francesco Barbieri*

It kin net sûnder in profeet
dy’t fan de Iene sprekt,
faak is der noed of need,
dan klinkt it wurd: sa giet it krekt.

Elia moast nei Achab ta,
de foarst fan hân yn hân
mei Baäl: ‘God sprekt sa:
gjin drip falt yn it hiele lân.’

En nei Elia’s koarte preek
spriek him de Iene ta:
‘Gean do nei Krit, de beek,
dêr silst genôch te iten ha.’

Image
De beek joech drinken by de fleet,
de ravens brochten brea,
syn iten yn de need,
dy’t ware troch it hiele gea.

As ’t iene net mear streame wol,
dan sprekt de Iene wer:
‘It bûtenlân jout gol,
oerein, do fynst dyn iten dêr!’

* Giovanni Francesco Barbieri (1591-1666)
Skilderij ‘Elia kriget fan de ravens te iten’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum