Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Peaske

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik fûn him by it hôf
dêr’t Jezus hong al jierren
oan it krús, sa dea as stien.
Syn eagen wiene dof,
in tizeboel de fearren,
elk wie om him hinne gien.

Image

Goed freed rûn nei de snein
en ik seach it lemieren
opgean oer it hoopjend grien.
Gjin wurd waard doe noch sein,
de stilte kaam fan fierren
op my ta, sa wyt as ien.

Image

Mar ’t wiene twa dy’t oan
de wrâld it boadskip brochten
oer in libben op ‘e grins
fan winter nei in moarn
dy’t gûnzjend klonk fan fljochten
ingels tusken God en mins.

Image

admin

Anonym bloed

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Twa kenings sleaten in ferbûn:
Josjafat en Achab
teagen op tsjin Aram yn de striid,
mar ’t wie net wis wa’t tsjin de jûn
noch libbe nei de fredestiid.

Ien kening wiksele fan klean,
foar himsels strategysk,
omdat Achab bang wie foar de dea,
dus seach er Josjafat net stean,
mar fallen yn it oarlochsgea.

Ek Arams kening hie in plan:
tsjin allinnich Achab
moast de oanfal rap de trochslach jaan,
mar Josjafat waard doe de man
dy’t skreauwend yn de knipe kaam.

Doe fleach in pylk op goed gelok,
mar foar Achab minder,
tusken pânser en ferbiningsstik,
wa’t anonym woe, kriich in skok
en kening Josjafat de skrik.

Foarst Achab libbe oant de jûn
mei in djippe wûne,
wylst de striidwein kleure read fan ’t bloed,
dat slikke waard troch mannich hûn,
gjin kriger brocht in lêste groet.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Tekening ‘De dea fan kening Achab’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum