Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De hillige Kristoforus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jeroen Bosch*

Image

Kristoforus, der wurdt fan dy sein
datst tsjinner wiest fan foarst en duvel,
sis wat hiesto sa al by de ein,
dyn achtergrûn is wol wat nuver.

In skip dat sinkt yn de rivier,
in fisk dy’t oer de weagen fljocht,
in jager mei in deade bear,
in muonts dy’t yn it wetter sjocht,
in tûkekanne mei ien ear:
de helske wrâld fan mins en dier.

Image

Yn dy helske wrâld draachsto it Bern
út Betlehem nei witwêrhinne
op ‘e rêch, it is dy oan te sjen:
de swierte is foar dy allinne.

Sa draachst de hiele ierde mei
troch ’t wetter fan de deadsrivier,
de fisk as teken oan de stok
fan berte nei in stjerrend wier
foar ’t minsdom, dat in wankend lok
ferljochtet ’t einpunt fan de wei.

Sjoch de ezel dy’t dêr sykjend stiet
mei op ‘e achtergrûn it lieden
fan de klok, want Kristoforus biedt
opnij syn rêch oan foar de ierde.

Image

* Jeroen Bosch libbe fan sirka 1453 oant 1516.
Hy krige de earste lessen fan syn heit,
dy’t as skilder en glesker belutsen wie
by de bou fan de Sint Jan fan Den Bosch.
Jeroen Bosch is bekend wurden as de skilder
fan it absurde: de minsklike dwaasheid
en de duvelske ferskrikkings.

admin

Stillibben

Keunst
PDF Print E-mail
fan de Flaamske Skoalle*

Image

Wat binne boeken oars as wiisheid
dy’t mei troch ’t libben giet,
de skaal en kanne as de boarne
dy’t suver wetter biedt
en as it stof is fan de hannen,
drinkt de wite doek it wiet.

En achter alle symbolyk
dêr is Marije noch te sjen
mei op ‘e earm it bern,
de wrâld te ryk.

Image

Wat libbet oan in laptop stil
fan wiisheid, faak net oan te sjen;
in crash en ’t giet ferlern,
de flok is skril.

En achter ’t ynstrumint leit Bethel
fan doper Bottenbley
mei beide fuotten yn de boarne
fan suver wetter, rij
foar pubers wrâld te ryk, de hannen
bûn, beklaaid mei Bethels pij.

Image

* In Flaamske skilder út ‘e fyftjinde ieu
hat it panieltsje mei boeken, skaal, kanne
en handoek makke.
It is 24 by 21 sintimeter lyts.
De symbolyk ferwiist nei it skilderijke
op ‘e achterkant mei Marije en bern.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum