Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gekke David

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Simon Fokke*

Is eigen folk de fijân wurden,
dan bliuwt oer de Filistyn,
de fijân dy’t beskerming biedt,
want wie de striid net jierren lyn,
’t gefjocht om Goliat syn wurden?

Image

It swurd hat David goed ferburgen
as er foar de kening stiet,
de foarst fan Gat, dy’t him net sjocht
as fijân, dus asyl oanbiedt,
syn eachopslach is fan in wurge.

De tsjinners ha ’t wol yn de gaten
dat se foar him songen ha:
de held dy’t Goliat fersloech,
wat komt wurdskerp op David ta,
hy heart har haatsjend oer him praten.

Hoe kin er oan it swurd ûntkomme
as de poarte sletten wurdt?
Allinnich klauwe as in gek,
wylst flybkje yn syn read rûch burd
en achter út ‘e kiel wei bromme.

Kin kening Akisj praatsjes leauwe
fan syn tsjinners oer in gek
dy’t kening wurdt fan Israel?
Hy is oan ’t hôf gjin gekken brek
dy’t by in sletten poarte skreauwe.

* Simon Fokke ( 1712-1784)
Ets ‘David by kening Akisj’

admin

Foar op ‘e flecht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Arent de Gelder*

Wêr moast David flechtsjend hinne
sûnder brea en sûnder swurd?
Hy hie ’t ferlern, wat koed er winne
oars as mei syn útflechtwurd?

Wêr koe hy in taflecht fine
oars as yn it wijde Nob,
dêr’t breaën wiene foar de Iene,
dat waard Davids earste stop.

Achimêlek seach him kommen,
wie ferheard dat hy dêr stie
allinnich, as in jonge fromme,
freegjend om in goede rie.

David frege foar syn honger
brea, der leine fiif, sa sei
de pryster, mar net foar de sjonger
of de smiter… fiif… nim mei!

’t Wiene earder ek fiif stiennen,
dat doe frege David wat
er ek net hie om dochs te winnen:
sjoch, it swurd fan Goliat!

Image

* Arent de Gelder (1645-1727)
Skilderij ‘Achimêlek jout it swurd
fan Goliat oan David’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum