Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rôljende wetterweagen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1979

Image

Rôlje, rôlje, wetterweagen,
fyftich jier fan ’t jier,
sa rûst it troch hiel Grou,
mar lju dy’t fierder seagen,
woene ha, it is net wier.

Rôlje, rôlje, wetterweagen,
oardel ieu ferlyn
hie ’t skippersfolk yn Grou
de skûtsjes deroan weage:
fûl de striid mei waar en wyn.

Image

Rôlje yn de krisisjierren,
’t gie noch altyd troch,
mar hieltyd minder trou
oan seil en fok, want wierheid
waarden motorlûden sjoch.

Rôlje, rôlje, wetterweagen,
want de help fan stêd
en doarp, lykas ek Grou,
hie oars net as foar eagen:
’t skûtsjesilen wurdt sa ret.

Rôlje, rôlje, wetterweagen,
fyftich jier fan ’t jier
wurdt dus kommisje Grou,
har gloarje is gjin leagen,
want it rôljen bliuwt wiswier.

Image

 

admin

Needhoarn

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1979

Image
Ut Skûtsjesjoernaal 1977

De hoarn klonk foar it skip yn need:
it is in toer om folk te krijen
foar de fjirtjin dagen op it dek;
it fynt it silen lang net gek,
mar mei in frou dan wurdt it lijen.

De frou blaast fan de heechste toer:
it manljusfolk sil net ris tinke:
fyftich wiken is se yn it spier,
hat twa fakânsje yn it jier,
dus lit de skûtsjefloat mar sinke.

It folk tinkt oan de âlde tiid:
it skûtsje wie foar allegearre,
frou en bern gesellich op ‘e wâl,
de manlju mei it silen mâl,
gjin needhoarn koe de sfear bedjerre.

Image
Ut ‘e kolleksje fan Frans Huitema

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum