Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hup nei Americans Cup

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1986

Image

Wat skip wol net de wrâld befarre
nei Australië as ’t fiere doel?
Dit like sels de Fryske skûtsjes cool,
sy koene op tradysje tarre,
dus hup nei America’s Cup*!

Gjin skûtsje kin de see besile,
fart wol yn in seeskip oer de wrâld,
beskerme tsjin de stoarmen en it sâlt,
sa sjocht it net op tûzen milen,
dus hup nei America’s Cup!

De marlju wiene út ‘e skroeven,
meaten har in fêste seeskonk oan,
oan skuorbúk wie wol mannich seeman stoarn,
mar nimmen hat dêr lang by toeve,
dus hup nei America’s Cup!

Dirk Nauta liet de skippen brekke:
Fryske skûtsjes wiene net seefêst,
dat marlju krigen earder lêst as rêst…
om har koe Nauta wol ferrekke:
gjin hup nei America’s Cup.

Image
Skilderij fan Anne Tjerkstra (detail)

* In grut sylevenemint tusken
Amearika en Australië

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum