Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Projektplannen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat bliuwt, is de kastanje,
in dak fan sterke spanten
en lagen griene pannen
dy’t, maitiids mei de franje
fan wyt oan alle kanten,
de tsjûge wie fan plannen.

Image

It wiene plannen fan
de oare kant dy’t mei
de pont sa hin en wer
de feart oer foeren:
sterk fan geast de man,
in wizer fan de wei,
bestimming hjir en dêr,
in pleisterplak foar oeren.

Image

Mar as de jierren geane,
feroarje ek de plannen,
in oar hat wat te sizzen:
safolle manlju steane
mei pannen yn de hannen
om op it dak te lizzen.

admin

Antonius

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De hillige Antonius
joech al syn skatten wei,
himsels naam hy allinnich mei,
syn lea en siel nei de woestyn.

De hillige Antonius
kaam by de Reade See,
hy libbe op dat iensum stee
as sylde hy skerp oan de wyn.

De kluzener Antonius
bestried de duvels fûl
en sylde nei syn hillich doel:
in sûne siel de himel yn.

It sikehûs Antonius
leit yn de striid foaroan
fan ’t goede hjoed nei better moarn,
as Fryske flits skerp oan de wyn.

It silende Antonius
berikt de finish nea:
it doel is better, net de dea,
mei sûne lea it libben yn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum