Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferlern ferline

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Salomon Koninck*

Sân dagen hat it duorre
foar’t de siken waarden wei,
it wie it jonkje fan de dei
fan heit syn frjemde goarre.

Sân dagen hat er fêste,
nachts lei David op ‘e grûn,
dêr waard it libben net mei wûn,
’t rûn út op ivich rêste.

De heit wie net by ’t stjerren,
hearde dêrfan yn de rin,
op slach joech hy it libben sin,
syn fêstjen wie mislearre.

Batsjêba wie yn triennen,
’t memmehert wie by har bern,
tegearre hiene sy ’t ferlern,
mar soene ’t nije winne.

Image

* Salomon Koninck (1609-1656)
Skilderij ‘David en Batsjêba by it bern’

admin

Natans wiisfinger

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jacob Backer*

Skerp klinkt it wurd fan de profeet,
mar Natan wie konkreet begûn
mei ryk en earm, ’t ferhaal fan ’t laam,
dat bistke sparre dieren by de fleet,
sadat de rike oan syn trekken kaam.

De kening harke nei ’t ferhaal
en seach it foar him, hiel konkreet:
de earme mei in wif bestean
waard troch de rike brocht yn noed en need,
dus kriich dy by syn fleet de dea as lean.

De fraach wie noch: wa hat dat dien?
Doe wiisde Natans finger nei
de kening, ’t waard sa hiel konkreet,
dat David hat it skerpe wurd ferstien,
hy seach Batsjêba foar him… sûnder kleed.

Image

* Jacob Backer (1608/09-1651)
Skilderij ‘David wurdt troch Natan teplak setten’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum