Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tamar ûnteare

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Eustache le Sueur*

Broer en suster, mar dan heal,
fereale is broer Amnon wurden
op syn suster Tamar;
nettsjinsteande Davids skaai wie eal,
gie’t yn dy rûnte samar.

Heal wie Amnon troch ’t gefoel
dat Tamar faam wie, ’t hie neat wurden
as syn maat net kommen
wie: syn sykte fierde ta it doel,
dus hat er bêdrêst nommen.

Tamar kaam foar de pasjint
en bakte foar him hertekoeken,
mar hy woe allinne
lizzend ite, want sa wied er wend,
soks moast mei herten kinne.

Image

Amnon taaste by har ta,
sy koe har net tsjin him ferwarre,
waard as faam ûnteare,
woe hy soe har yn syn rûnte ha,
syn haat hat har beseare.

David seach har yn de war,
it kleed ferskuord en op ‘e holle
moude, heit yn grime,
want wat moast er mei syn rûnte, har
lot koed er mar min rime.

* Eustache le Sueur (1616-1655)
Skilderij ‘Amnon en Tamar’

admin

Tinzen by Rabba

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Davids rom rûn oer de grinzen,
tagelyk mei kenings legermacht,
dy’t elke fjild- en stêdslach wûn,
dochs kaam fan Joab noch in klacht…
de generaal mei David yn ’t ferbûn:
Oeria’s dea by Rabba
draaide yn syn tinzen.

Joab koe syn eigen grinzen:
David soe de heechste eare ha,
al hie syn legermacht al wûn,
de kening moast nei ’t slachfjild ta…
de generaal mei David yn ’t ferbûn:
Oeria’s dea by Rabba
draaide yn har tinzen.

Image

Kenings fijân rekke finzen
yn de slach mei faasje nei de dea,
ferlear syn kroan noch foar de jûn,
’t folk kriich de swipe oer de lea…
noch wie de kening oan ’t ferline bûn:
Oeria’s dea by Rabba
rûn oer Ammons grinzen.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘David ferslacht de Ammoniten’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum