Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Twaspjalt

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1982

Image

De skûtsjewrâld wie yn ferwachting
fan wat kealle yn ’t ferline swier:
in tal mear skippen yn de float
waard smiten fier oerboard.

Doe waard de lytse poppe berne,
swier fan lea, wol achttjin kear in skip,
syn namme wie IFKS,
syn bek skerp as in mes.

De SKS koe ’t bern wol smoare,
want it skold op ’t grutte kapitaal:
‘Se sûpe kofje fan DE
en gean foar Philips ree.’

It berntsje krige slim de muzels,
bûnt fan kop en mei in holle fok,
wylst foar de bek noch altyd brûs,
hie ’t wille by de rûs.

Image

Foto’s: Friesland Post

admin

Nije moanne

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1982

Image

It skûtsje tusken ljocht en tsjuster
mei de heale moanne yn it seil
koe net mear folop skine,
rekke nei in tiid fan tuskenyn
folslein de rûte bjuster.

De skipper wie bekend fan namme,
Brouwers brûsden yn de striid foarop,
mar Chris koe ’t plak net fine,
ûndersocht it skip fan kont oant kop
en sei it ûnbeskamme.

Image

De hearen woene gjin nij skûtsje,
wol in nije skipper stie har oan,
ien mei in ljocht ferline,
dy’t de moanne sylde nei de moarn,
dat Chris moast nachts mar boetsje.

De âlde skipper hat net wrokke,
gunde ’t skûtsje mannich earste priis,
mar ’t ljocht soe noch net skine:
nije moanne skimeret inkeld griis,
dat Teake* koe wol flokke.

Image

* Teake Visser

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum