Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn- en útgong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De tunnel troch wie net myn doel,
ik moast him dochs wol nimme
om’t er yn de rûte foel
fan ’t moarntiidstrimmen.

’t Lemieren struide mei it ljocht
dat yn de tunnel strielde,
yn- of útgong ha ik tocht
en hoe’t dat fielde.

De blommen kaam ik doe bylâns,
in buordsje mei wat sinnen,
eigen skuld of eins gjin kâns,
hy gie allinne.

Wat wie der doe’t er samar gie,
in tunnel by ’t lemieren
of syn hiele libbenstrie
op dizze ierde?

Image

admin

Spoare-ûndersyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As ’t waar ûnlijich is mei wyn en rein,
ûntsteane djippe spoaren;
de tiid waait hichten hol
en lichten reitsje fol,
sa is it as tefoaren:
gjin inkel spoar mear fan in wein.

Image

Wannear’t de tiden strike oer in beam,
dan krûpt er yn de hichte;
it sinneljocht jout rij
elk jier in ring derby
en giet er nei de lichte,
telt men de hiele libbensstream.

Image

In minske lit syn eigen spoaren nei,
it djipst yn minne tiden.
In wein by wyn en rein
of beam oan libbensein?
Hat men no krûpt of riden,
de test komt nei de lêste dei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum