Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Eurominsken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It stiet op hege buorden
dy’t it sicht op de natuer ûntnimme
dat stêd Snits en Fryslân sjonge mei
yn ’t koar fan biddeljende stimmen:
‘Sjoch, wy strûpe út de âlde fodden,
stribje ’t blauwe kleed fan wetter nei,
no’t streamt foar ús en jimme
’t jild fan alle minsken wurde bruorren.’

Image

Sjoch op ‘e mar, de striid giet oan,
start op it eilân, hiel gewoan,
jou him in slach oer bakboard,
set him net oan ta sylmoard,
wit dat alle minsken wurde bruorren.

Stean nêst elkoar mei caravan
en tinte, beppe, mem en bern
fan allerhande naasje
fiere rekreaasje,
fiel dat alle minsken wurde susters.

Image

Far yn de kano, aventoer
fan pake, heit en bern, sa oer
de smelle wetterrûte,
oan elkoar de groete-
nisse: sjoch dat minsken wurde bruorren.

Drink no elkoar de sûnens ta,
want wille sille wy grif ha
fan wetter en fan sinne,
lit it dan mar rinne,
hear dat alle minsken binne minsken.

Image

admin

Ballade fan Easterein

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Easterein, de namme seit it al:
de wiisheid út it fiere easten
streamt oerfloedich ta en sa rint fol
de ein, it wurd en byld it measte.

It doarpsbyld mei syn mânske toer,
in eilân yn in see fan greide;
’t wurd wie oan de boarger en de boer
dy’t froed it deistich nijs oereiden.

Wol froed en from wie de pastoar
dy’t yn de mis it Wurd ferbylde,
wylst de bylden yn it hillich koar
it sljochte tsjerkefolk besielen.

Image

Martinitsjerke seit it al:
it libben is der om te dielen,
dat it folk betocht de earmen gol,
gjinien soe him mear liddich fiele.

Doe kaam de tiid fan byldestoarm,
fan hilligen oan gruzleminten;
’t wurd dat klonk wie lûd: ‘Herfoarm-
je dy, it Wurd, gjin sakraminten!’

It tsjerkeplein lykwols joech ’t byld
fan klappend loven en fan bieden,
steile wurden waarden drinkend dield,
de klokken hearde nimmen lieden.

Image

Twa tsjerken rôpen op in snein,
de grutte en de grifformearde;
’t waard it byld fan skieden Easterein,
dêr’t beide ’t folk it Heilswurd learden.

Mar hark, der kaam in oare tiid:
de lytse tsjerke waard oerstallich,
âlde wurden rekken út ‘e striid,
it byldesintrum waard oanfallich.

Easterein, it doarp mei wurd en byld,
in printerij en eksposysje,
de wiisheid is no goed ferdield,
it einbeslút kin beide hysje.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum