Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Súdwesthoeke

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1984

Image

It suden hat it measte wetter,
yn it westen sjocht men withoefier,
wat gea yn Fryslân eaget better
as de hoeke yn ’t súdwesten?

De reiden rûzje hjoed fan wille,
hjir sil ’t barre, ien kear yn it jier,
men moat der net te swier oan tille
dat it waait út it noardwesten.

De romte lit de skûtsjes krimpe,
dy’t op ’t rychje sile foar de sier,
wit dat it skippersaard is rimpen,
gysten sels yn it mideasten.

It startskot klinkt, it kin begjinne,
wat lûd roppen wurdt, is wrachtich wier:
dêr brûst it lytste skipke hinne
út ‘e hoeke yn ’t súdwesten.

It folk fan Meindert* kin jûchheie,
hurde wyn en spanning makken ’t swier,
mar better kin men it net krije:
hjoed wol twa kear fan ’t súdwesten.

Image

* Meindert de Groot fan de Súdwesthoeke

admin

Unifoarm

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De rinner yn swartbûnte jas
marsjearre fluitsjend oer de paden
yn it ritme fan syn langstme
om him hjoed wer op te laden
mei wat kleur joech op dat pas.

Image

De dieren yn ’t swartbûnte fel
taksearren him mei grutte eagen
hoe’t it swart en wyt twapoatich
wêze koe, perfoarst gjin leagen,
wol in fluitsjen, heech en skel.

De bûnte rinner en de kij
beseagen stokstiif en frapearre
hoe’t in keppel tongerguozzen
bolderjend mei bûnte fearren
glieden unifoarm foarby.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum