Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Striidfragen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1985

Image

De twirren strieken oer de Ie,
wylst spannings troch de ieren jagen
hoe’t it skûtsje it hjoed die
en oft de trie it hâlde soe,
it wiene iepen fragen.

De Drachtsters brûsden oer de start
as woene sy de striid hjoed winne.
Hiene sy fiktoarje sward
of dat it swurd it hâlde soe?
Men liet de fragen rinne.

Image

De skûtsjes leine op ien ear
en tilden ’t loefswurd út it wetter,
fleagen fierder as in spear,
mar oft it blok it hâlde soe,
it antwurd kaam wat letter.

De Drachtsters brûsden oer de Ie,
wylst spannings troch de ieren jagen,
om’t it skip noch earste wie;
doe foel in blok, dat wie de ein
en ek fan alle fragen.

admin

Skipper-amtner

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1985

Image

Van Akker, bouboer op ‘e Fryske grûn?
It Snitser folkje wist wol better,
harren Jan wie skûtsjekampioen,
in libbenlang al op it wetter.

It skippersgen sprong oer fan heit op heit,
te sjen oan ’t fel, taand troch de sinne,
gysten skreppend sa’t it skippers leit
om nei de terp de race te winnen.

Image

It skip moast farre mei it folle rom
as wie it ek in Grinzer bolle
dy’t de striid ferkeas, dêr gie it om,
Jan hie doe Snits al yn de holle.

In bolle set de sinnen net op ien:
as skipper-amtner koed er komme,
kombinearje hat er jierren dien,
beskieden, nea mei slaande tromme.

Mar nei’t er wurden wie de kampioen
fan ’t wiidferneamde skûtsjesilen,
ha se him de heechste eare jûn:
de Snitser amtelike kile.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum