Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wer op fuotten

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Daniele da Volterra*

It goadelibben bleau gelyk
oan wat it altyd west hie,
want Izébel stjoerde oan
troch in boade op Elia’s lyk,
dat Baäl siet noch op ‘e troan.

Elia’s libben stie doe faai,
hy moast dus wol bewege
nei de fiere wyldernis,
naam allinnich moedeleazens mei,
’t profeteboadskip rûn sa mis.

Gods boade joech him swijend del
mei lege siel en mage
oant in oare boade sei
dat syn hertslach wie by God yn tel,
nei ’t iten moast er wer op wei.

Elia iet it skonken brea
en dronk it wetter, dat him
moed joech en op fuotten brocht
troch de wyldernis nei ’t goadegea,
dêr’t hy Gods boadskip bringe mocht.

Image

* Daniele da Volterra (1509-1566)
Skilderij ‘De profeet Elia’

admin

Utsjochfeintsje

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jacobus van Looy*
Ik wie de helper fan Elia,
noch mar in feintsje, mar it heucht my goed:
de Baälprysters rûnen
by de Karmel del op Kison oan,
de beek sa’t sy dy koene
sûnder wetter, mar net mei har bloed.

Ik stie dêr mei de hân foar eagen,
ferskuorrend, mar Elia sei it moast,
want Baäl waard sa romme,
gjin begrutsjen, nei de hichte ta!
Sa binne wy doe klommen
op ‘e Karmel, ’t wûnder barde hast.

Teminsten dat woe ha Elia,
dy’t op ‘e knibbels lei foar God de Hear;
‘k moast sân kear rap nei boppen
oft in teken oan de himel wie,
de lêste kear ha ‘k roppen:
‘Ja, in wolkje as in hân, net mear!’

Image

Doe moast ik fleanend hurd nei Achab,
de kening dy’t it earst mei Baäl hold,
ik drafke nei de hichte
fan de foarst: ‘De stjalprein komt deroan!’
Hy ried fuort nei de lichte,
swarte wolken binne oer him skood.

* Jacobus van Looy (1855-1930)
Skilderij ‘Elia op de Karmel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum