Willem Tjerkstra’s thússide
admin

SC Skûtsjesile

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1987

Image
Ut ‘Skûtsjesilen’ fan Lieuwe Pietersen

It kin de skipper wolris misse:
as it seil te heech is foar de mêst,
in twirre komt him falsk oer ’t mad,
se hâlde beide skoaten fêst,
dan slacht ynienen ta syn nuodlik lot.

Men kin de bal net altyd lizze
op it plak fan tichterby it doel,
in oanrin, traap, al wer in punt;
de ynset fûl, de holle koel,
dat is it wêr’t in topper graach mei stunt.

It kin SC ek wolris misse,
sportclub Cambuur of It Hearrenfean,
as ’t seil komt heger as de mêst,
dan sjocht men har beskiten stean,
wylst konkurrinten sile noch foar bêst.

Image
Cartoon fan Frans Verschoor (detail)

admin

Fan Tsjonger nei Ie

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1987

Image
Ut ‘e Ljouwerter Krante fan 3 jannewaris 1987

Oeral kaam men skûtsjes tsjin,
dy’t Fryslân wolfeart brochten,
bodders foar in heal gewin
dy’t winterdeis de wâl opsochten.

Sjoch him yn in smelle wyk
mei dwers dêrop de Tsjonger,
dagen binne nea gelyk,
want hjoed de sinne, moarn de tonger.

’t Skipperswiif rjocht achterop,
twa dochters yn de waring,
swart as tar de skipperskop,
op ’t foardek mei de boom stiet Jaring.

Komt der gjin beweging yn,
dan gean oan board de troepen
as ferfangers fan de wyn
om nei de fracht noch ien te sûpen.

Mar de Tsjonger is te smel
om skoaten út te fieren,
dan de Ie mar op en del,
oan board de troep fan swurd oant liere.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum