Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kloatestart

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1982

Image

As jongste fan it fjirtjintal
woe Jelle* wolris winne,
as wylde hûn, sa starte hy:
it skot, dêr wie De Lemmer al
en sylde skerp derhinne.

Wêrhinne wist er doe noch net
oant Lodewyk** syn longen
de siken streame lieten, sa:
‘As hûntsje hast it noch net ret,
do bist de start ynkongen!’

Image

It hûntsje blafte net werom,
it seach ris nei de kloaten,
dy glieden mei it seil fluch del,
doe lei it mei in lûde grom
wat tusken fjouwer poaten.

* Jelle Reijenga
** Lodewijk Meeter

admin

Wjuklam

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1982

’t Wie kostlik waar mei wyn en sinne
by stêd Starum op ‘e dyk,
dêr’t fleurich skôge it publyk
de kâns fan ’t starten en fan ’t winnen.

Image

De swan hie gong en soe wol winne,
omdat alles stie en striek
oant mei in kreak de mêsttop briek,
dat wjuklam lei it skip derhinne.

Image

De spanning soe noch heger klimme,
foar ’t publyk wol manifest,
want Boalsert hie al in protest
en Drachten soe it ek net nimme.

Image

It bloed waard Siete* tin as sûpe:
mei ’t protest wie hy te let
en balten holp de skipper net,
dus wjuklam moast er fierder krûpe.

* Siete Meeter fan Boalsert

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum