Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fal fan Jeruzalem

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It like min, it wie net bêst,
it dreunde fan it grutte leger,
want Nebûkadnessar kaam deroan:
Jeruzalem yn lêst
en Zedekia fan de troan.

It koe net minder mei it folk,
it waard de tiid troch hieltyd dreger,
want de honger ware troch de stêd:
wat die noch swurd of dolk
wannear’t gjin minske rekke sêd?

It waard noch minder mei de bres
dy’t slein waard yn de swakke muorre,
want de fijân streamde yn de stêd:
wat joech noch dolk of mes
as minsken trillen as in blêd?

It wie op ’t minst troch fjoer en flecht:
de timpel hat de flammen fuorre,
wylst de kening sloep de poarte út;
eangstbylden waarden echt,
want folk en skatten wiene bút.

Image

* Ut Sint Elizabeth Psalter (sirka 1200)
Yllustraasje ‘De Joaden wurde foar de eagen
fan Nebûkadnessar mei keattings fêstbûn’

admin

Geheim oerlis

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Maarten de Vos*

Image

Yn noed siet kening Sedekia
fanwege Babels leger
dat beneare hiel Jeruzalem,
doe rôp er godsman Jeremia.

Profeet, do silst my neat ferswije,
sis my wat de takomst bringt.

Kening, soe ‘k it planút sizze,
wis is ’t dat de dea my winkt.

Ik swar, do silst yn libben bliuwe
asto my de wierheid seist.

Dan hat God neat oars te sizzen,
Babel is jo moarn it neist.

Wa’t oerrûn is, sil my bespotte,
dus ik bliuw by ’t eigen folk.

Freonen ha jo sakje litten
yn de drek fan harren kolk.

Profeet, do silst oer ’t oerlis swije,
wit dat oars de dea dy winkt.

Rêst kaam doe oer Jeremia:
gjin wurd foar kenings freonen
oer it oerlis oer Jeruzalem
en ’t lot fan kening Sedekia.

* Maarten de Vos (1531/1532-1603)
Yllustraasje ‘Jeremia wurdt troch Sedekia
om rie frege’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum