Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Twadde Willem van Oranje

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Gerrit van Honthorst*
fan Adriaen van Nieulandt**

Image

Noch jong, want amper fjirtjin jier
en dan al man fan in Marije
út Ingelân, ’t is stjerrend wier,
it gie foaral om macht te krijen.

Wat âlder al yn ’t striderspak
as twadde Willem van Oranje,
hy gie foar ’t militêre fak,
wie tsjin it fredespakt mei Spanje.

Hy wie in strange kalvinist,
koe katoliken net ferneare
en seach himsels as monarchist,
troch hiel de naasje heech fereare.

Gjin oarloch gie er út ‘e wei,
ek net dy tusken eigen stêden,
reginten koed er mar min mei,
tsjin Amsterdam hat hy ’t net rêden.

Image

Noch jong, doe kaam er oan de ein
fan wêr’t er libbenslang nei stribbe,
de pokken ha de wierheid sein,
Marije wachte op nij libben.

* Gerrit van Honthorst (1592-1656)
Skilderij ‘Willem II van Oranje’

** Adriaen van Nieulandt (1587-1658)
Skilderij ‘Allegory op ‘e fredestiid ûnder
steedhâlder Willem II’

admin

Frede fan Münster

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Gerard ter Borch*
fan Govert Flinck**

’t Hie west, in oarloch as in meunster,
as ’t in bytsje koe nea mear,
de striid tsjin fijân Spanje,
nei sa’n tachtich jier wie elk wol klear,
se sleaten frede yn stêd Münster.

Image

Dêr steane se, de diplomaten,
elk yn likefolle ljocht,
gjin striid mear mei freon Spanje,
want belangen strike alles rjocht,
it jild streamt nei in pypfol praten.

’t Waard feest fanwege frije frede,
dus as skutters op ’t portret
yn kreaze klean mei franje;
hjoed de show en moarn fan jild ferlet,
dus lei de hannel yn de reden.

Image

* Gerard ter Borch (1617-1681)
Skilderij ‘De beëdiging fan de frede fan Münster’

* Govert Flinck (1615-1660)
Skilderij ‘Skutters fan de kompanjy fan kaptein Joan Huydecoper’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum