Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Keninklik sulver

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990

Image

Hy hie in hert fan suver goud,
sa waard fan Siete Meeter sein,
dêr kaam noch by syn djippe fielen;
gjin rust ûntstie troch sâlt of rein,
hy wie mei hegerop fertroud.

De namme Piter stie him oan,
in man fan ienfâld yn ’t paleis,
sa soe syn eigen skûtsje hjitte,
mar wa’t net hat oranje fleis,
krijt yn it seil gjin gouden kroan.

Troch ’t silen rekke ’t hert fan slach,
dat Siete sloech in searje oer,
hoewol’t it yngie tsjin syn fielen,
want yn de djipte bleau hy poer
foar goud, hy woe wol graach oerstaach.

Doe kaam de keninginnedei
nei-oan, sadat it spannend waard,
want soe it goud of sulver wurde?
It gouden hert lei yn it skaad,
om’t sulver skynde op syn wei.

Image

admin

Bloedflagge

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990

Image
Ut ‘Friesland Post’ july 1989

Hy hong der faken yn,
de flagge read as bloed,
earst út in fjurrich moed,
mar nei de finish skyn.

Dan gong er rap derút,
in buorrel en wat praat
en skippers waarden maat,
noch ientsje ta beslút.

Mar sa koe ’t langer net:
protest is in protest
en hat de finish west,
dan jildt de wedstriidwet.

It hinget der no yn
mei ’t wetter op it dek
en hjoed gjin grutte bek,
mar flagje tsjin de wyn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum