Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dei fan de Heare

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Wêr’t ûnrjocht hearsket, komt de dea
mei jammer op ‘e pleinen,
yn de strjitten wee o wee;
de boeren yn it toarre gea
bekleie leave neisten op it stee
dêr’t wyngerds net mear drippen heine.

Ik, Amos, sis it jimme oan:
de dei komt dat de Heare
driget mei it wylde bist,
dan is ’t foar hiel it folk bedoarn;
jim naaie út foar liuw en bear har list,
in slangebyt is net te kearen.

It folk dat ûnrjocht keart mei rjocht,
sil glimkje op ‘e pleinen,
op ‘e strjitte sjen it ljocht.

* Yllustraasje ‘Profeet Amos’

admin

Ferfal fan Samaria

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

Samaria,
it hert hast wolkeheech,
mar djip is dyn ferdjer,
’t ferskil is net te mjitten;
it kwea krûpt yn de smelste steech,
dyn pronkkleed dûnset troch de strjitten.

Samaria,
de berch sjocht op dy del
en wurdt geweld gewaar,
dat guod bringt nei dyn stinzen;
de riken meitsje earmen kjel,
sy gean fier oer de rjochte grinzen.

Samaria,
dyn stinzen rize op,
dyn wenten steane fêst,
dit alles sil ferfalle;
de púnheap hat noch wol in top,
mar nei dyn stinzen moatsto dolle.

Samaria,
dyn froulju lykje kij,
sa glânzet harren fel
op kosten fan de swakken;
har pronkkleed driuwt as wolk foarby,
it rôfdier krijt de kij te pakken.

* James Tissot (1836-1902)
Yllustraasje ‘Profeet Amos’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum