Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frede fan Utert

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Paolo de Matteis*

Image

Nei de oarloch folge keunst:
it fijânsbyld waard in portret
fan dûbelop en hân yn hân;
de frede frege om in wet
dy’t rjocht die oan elk lân,
want harmony gie boppe geunst.

Nei twa ieuwen fan konflikt
fan katolyk tsjin protestant
mei God de Hear der tuskenyn,
waard elk doe fan de himel klant
mei folle glêzen wyn,
dat hiene sy dan dochs berikt.

Utert wie it middelpunt
fan oardeljier besteklik praat,
dêr tuskentroch ’t oerdiedich miel
en tsjin it protestantske aard
de jûns ek noch toaniel,
soks waard de diplomaten gund.

Ut ‘e hichte seach de Hear
it drokke oerlis glimkjend oan
en stjoerde ingels derop út,
in drok beweech mei stôk en hoarn,
foar elk in fredestút
en op syn wink wie ’t keunstwurk klear.

* Paolo de Matteis (1662-1728)
Skilderij ‘Allegory op de Frede fan Utert’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum