Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ljocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De ôfgrûn fan it swarte gat
sûpt alles op wat oars is
oant it strielet: ‘Der is ljocht!’
En sjoch wat troch de skepping fljocht:
de sinne spilet wer foar god.

Image

It maisfjild yn de iere moarn
tilt op fan wat der wer is,
drinkt de goddelike drank
en rûzet oan de rûnte tank:
‘Ik nim ’t mei folle swolgen oan.’

It wetter fan de wide mar
leit iepen foar wat folrint,
wachtet, nipt, ferslacht de toarst,
jout ek werom en weaget: ‘Proast,
ik ha genôch, do bist oan bar.’

Image

En dêr stean ik, sis: ‘Tankewol.’
Wylst slok foar slok de tiid ferrint,
ferglydt it maisfjild nei it gat
en blinkt it wetter as in god:
‘Do dêr, ferstrui it ljocht ek gol!’

admin

Feestflecht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik ken se net, Huub en Marion,
mar lies de nammen by de dyk,
se pasten wol by in ballon,
dochs klonken bûten ’t doarp wat bryk.Image

De wurden woegen nei de grûn,
ferswierre noch mei rubber, read
en grien, in dûbel feest yn ’t rûn,
de pylk ferwiisde nei de sleat.

Wol deale, sjoch nei earder en omheech:
twa flaggen op ‘e skuorrenaal,
dy wapperen in feest teweech,
fertelden byldzjend in ferhaal.

Yn jimme tiid, Huub en Marion,
gjin sjeas of koets, stap yn de koer,
omheech mei fjoer foar de ballon
en flean as feest hiel Fryslân oer.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum