Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jager

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Fan bûgjen frjemd, sa wol de plom
it ha foar ’t bylkjen fan syn pracht,
mei rjochte rêch, it spant derom,
de hjerst stiet klear en sil op jacht.

Image

Gjin seage krijt him lyts, sa lit
de stobbe grutsk syn stribjen sjen
en hoe’t it fierder sjit, wa wit,
de hjerst stiet klear en mikt op bern.

Image

It sie sil fleane, fynt de plom
en freget alle kanten nei
syn wei en oan de jager om
te sjitten foar syn gouden skaai.

Image

admin

Kikkertkistke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Do besochtst noch grut te wurden,
lytse kikkert, foar’t it winter waard,
wat is der fan dyn libben wurden,
wiest ynienen fan de kaart.

Op ‘e rêch leist wei te wurden,
tinne poatsjes biddend by elkoar.
Hoe kinst as kikkert ingel wurde,
as dêr is gjin dieredoar?

Asfalt kin dy net begrave,
sakkest yn gjin wiken troch de dyk.
Wa sil foar dy in kistke skave
foar it kikkertdeaderyk?

Groeit dêr net in rûne kiste
nêst de dyk, in pracht as parasyt?
De libbenssyklus! Foarst it witste,
bisto wei yn ’t ingelwyt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum