|   Wa ken yn ’t wetterlân De Gaastmar netop grûn, wat heger, tusken marren,
 wiid de kym en smûk it doarp,
 dêr’t Yge wenne dy’t net bûn oan wet
 en faam de foarkar joech oan farren.
 Yn iere moarn foer hy De Fluezen open boomke nei syn trettjin fûken
 dy’t er lege yn de bun,
 in glêde kronkelheap, gjin sturt of kop,
 om Yge troch de tiid te lûken.
 Dy tiid ferfeelde Yge op ‘en doer,hy woe lykas de iel wol trekke,
 swimme koed er lykwols net,
 dus foer er mei in aak de Noardsee oer
 om sa yn Londen oan te stekken.
 De iel noch lyts út ‘e Sargasso weiferkocht er dêr as Fryske fette,
 mei syn glêdens kocht er doe
 in kreaze faam dy’t him de wierheid sei:
 ‘Dy iel hoechst my net foar te setten!’
 Dochs naam er Mary mei de Noardsee oerom yn De Gaastmar wat te wennen,
 mar it doarp wie Londen net:
 Big Ben wie folle lûder as de toer
 fan hout, wat koe se hjir herkenne?
 Dy nacht liet Mary witte har beslút:‘Ik fiel my nuver tusken marren,
 bring my nei de Theems werom!’
 Mar Yge, noch fertize yn in tút,
 fûn swimme wol sa goed as farre.
 Dus brocht er Mary nei De Fluezen taen liet de iel los út ‘e fûken,
 smiet syn faam der achteroan;
 sy woe dy fisken wol as selskip ha
 en liet har nei de Theems ta lûke.
 De iel swom fierder troch de oseaanom yn Sargasso kût te sjitten;
 Mary waard yn Londen swier
 en soe it boarst oan lytse Yge jaan,
 dy namme koe se net ferjitte.
 
 |