Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sigers Tryn

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1991

Earnewâld, de wyn súdwest,
it Sigersdjip rjocht yn de wyn,
it wâlpublyk wie entûsjast:
‘It wurdt wol wat,’ rôp Sigers Tryn,
‘dit plak foldocht my bêst!’

Image

’t Lytse skûtsje fan Súdwest
foer fleanend troch it Sigersdjip
en klapte tsjin De Jouwers kont:
‘Dit is wol wat,’ rôp Tryn, ‘ferhip,
se sitte daliks fêst!’

Image

’t Jouster skûtsje krige gong,
fleach stjoerleas op ‘e helling ta
en botste tsjin in stielen skou:
‘Dit hat wol wat,’ rôp Tryn, ‘no sa,
de wâl op mei in sprong!’

Image

Earst de hannen yn it hier,
doe triuwend tsjin de skeinde kop,
sa kaam it skip wer fan de kant:
‘Dit ’s neat,’ rôp Tryn, ‘se hâlde op,
foar my is dat te ier!’

admin

Winnend rampskip

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990/1991

De spanning siet der by de Lemsters yn:
hoe soe it rampskip farre
op ‘e Pikmar en de Ie
neidat it yn de grûn bedarre?

It wie in ramp, sawat in jier al lyn,
op Rotterdam syn Hoeke
sloech De Lemmer om en sonk,
it hat op dat plak faker spoeke.

Image

Wer boppe ’t weagjend wetter like ’t mâl:
fan swurden oant tugaazje
skea en ienkear oan de wâl
beseagen Lemsters de ravaazje.

De spanning rûn op Grou syn wetters op:
siet yn De Lemmer faasje?
Wis, want Jelle* lei op kop
en’t brûzjend rampskip wûn mei graasje.

Image

* Jelle Reyenga

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum