Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Plat

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1991

Image

It giet der somtiids plat omwei,
sadat it seil de weagen tipt
en ’t swurd fier boppe wetter komt;
’t publyk rôp dat de mêst al lei,
mar dy is wer de loft yn wipt.

Der foer gjin boatsje foar de boech,
de float lei feilich oan de wâl
mei útsicht op it skûtsjespul;
it gie ’t publyk net gau te rûch,
mar foar de boech, dat wiisde mâl.

’t Wie Doekle dy’t it foartou naam
en ’t handich om in boeike lei
foar ’t útsicht op it skûtsjespul,
wat joech it boatsje raam nei raam,
op ’t lêst gie it der plat omwei.

Image

admin

Stedsbylden

Lyrysk Deiboek
Stedsbylden PDF Print E-mail
Image

Wat hat de stêd?
Ik kin it wol betinke
mei twa bôgen boppe my:
beskerming fan de poarte,
hoe’t syn slaggen klinke,
mei lûd en jûnsljocht rij,
de tuorren dy’t my winke
om te pinnen en te stoarten,
want yn ’t sintrum bisto frij
om op ‘e stêd te drinken.

Mar bûten de twa bôgen
wiist in mêst de rjochting oan
om ’t heger oan te fielen
op termyk in flecht dy’t fier
de grinzen oer foltôget
by it rije ljocht fan moarn,
fantastysk om te dielen
mei de fûgels, gjin beswier
dat bylden wolris striele.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum